Foarich jier wie der op aaipop in reuny fan Wiegels Wjukkelmasine. Dit jier hat stifting Aaipop de band Opskuor wer ree fûn foar in reuny. Opskuor hat fan 1993 oant 2005 optredens fersoarge. Sy hawwe ien kompakt skiif útjûn (Sa't is). Op dizze skiif stean prachtige nûmers lykas As it spoeket op 'e mar, Reef yn it seil en fansels it titelnûmer Sa't is. Wolle jim alfêst yn de stemming komme foar dizze reuny, de skiif is noch wol te bestellen yn ús winkel.
|
|
Mei dyn allerearste demo al in platekontrakt skoare, dat is mar foar in inkeling weilein. It oerkaam Elske DeWall, oant no ta it bêst bewarre geheim fan Fryslân. Fia fia kaam har demo by de A&R manager fan Universal Music terjochte, dy't de folgjende dei gelyk oan de tillefoan hong om in ôfspraak te meitsjen mei dit muzikale talint. No lansearret Elske DeWall har debútalbum mei de ta de ferbylding sprekkende titel Balloon Over Paris. It is in album fol pure popferskes mei in haadrol foar de waarme stim fan DeWall, dy't de harker as in waarme tekken omearmet.
|
|
|
Noch mar in pear wiken en dan is it al wer peaskemoandei en dat betsjut fansels it grutste folslein Frysktalige popkonsert fan de hiele wrâld. Wy hawwe it dan fansels oer Aaipop yn Nijlân. Op 5 april 2010 kinne jim dêr yn elk gefal genietsje fan de folgjende bands en artysten: Jitiizer (dwaande mei har lêste toffel), Die Twa, N.N.B., De Doelleazen, Piter Wilkens (mei band), Van Wieren, Souldada, Opskuor, Skraal, Equal Souls, Jarretank, Willehúske, D'ouwe Rockers, dEROELS, Xigatze, Feetwarmers, Omke Durkendy en Sipke de Boer (Metallica yn it Frysk). Sa gau at de kaartferkeap útein set melde wy dat fansels hjir ek efkes.
|
|
Op 6 maart presintearret N.N.B. har debútalbum mei de stevige titel Rock & Beuke! De Fryske winkel is der fansels altyd rap by mei de nijste Fryske útjeften op muzikaal gebied dat jim kinne dizze skiif no al reservearje. Sa gau at wy him dan binnen krije giet er fuortdaalks op de post.
|
|
|