De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra


Gurbe Douwstra waard berne yn Drachten op 17 febrewaris 1954. Nei de legere skoalle gong hy nei it Ichthus-college yn syn wenplak. Dêr moat hy it geweldich nei it sin hân hawwe want oars is net te ferklearjen dat hy dêr salang bleaun is. Neidat hy syn gymnasium diploma helle hie ferhuze hy nei Grins. It doel wie om register accountant te wurden mar dat hie hy gau besjoen. Om't der dochs brea op de planke komme moast ferhuze hy nei syn tsjinsttiid nei Uthuzen, alhiel boppe yn Grins, om sjoernalist en fleanende reporter te wurden foar de Ommelander courant. Dat wie it wurk wat hy graach dwaan woe mar Fryslân bleau lûken dat trije jier letter wenne hy wer yn Drachten doe't hy by de Ljouwerter krante oan de slach koe.Ein 1981 makke hy de stap fan skriuwende- nei pratende parse. Hy begûn as ferslachjouwer by Omrop Fryslân. Letter waard er muzykredakteur en presintator. Sûnt dy tiid is hy ek begûn mei it skriuwen fan faaks wat mankelike, soms ek gekke Fryske lietteksten. Sûnt Maart 2005 is Gurbe Douwstra offisjeel beropsmuzikant. Hy wurket net mear folslein by de Omrop en de oeren dy't hy frijmakke hat binne bedoeld om mei muzyk dwaande te wêzen. Sels muzyk meitsje, skriuwe en spylje fansels mar no ek mei romte foar mear. Bygelyks skriuwe foar oare muzikanten, it organisearjen fan optredens ek foar oaren en mear fan dat soarte saken dy't dochs foaral mei de muzyk anneks wêze sille fansels.



De kompakt skiven fan Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De bêste fan Omrop Fryslân1992€15,99
De bêste fan omrop Fryslân diel 21993N.F.T.
Dizze stoarm2001€13,99
Fryslân Muzyklân 32002€13,99
Fryslân Muzyklân 42003€13,99
Der tuskenút2004N.F.T.
Myn eigen paad2005€16,99
Fryslân Muzyklân 62005€13,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
De âlde púndyk by del2007€15,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
Fryske music night 20072008€16,99
Cohen in het Fries2008€14,99
Lit my foar jim sjonge2009€16,90
Thús2010€16,49
Bubbels2011€16,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)