Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Doede Veeman
Doede Veeman


Doede Veeman is hikke en tein op de pleats “Unia State” op Franjumbuorren ûnder Marsum. As jonkje hat er in skoftsje akkordeonles hân, mar dat like net safolle op te smiten. Hy seurde dan ek wakker om in gitaar, want dat like him folle moaier ta. Op syn fjirtjinde krige Doede syn earste gitaar en sûnt dy tiid hat er altyd mei it gitaarspyljen ompield.

Yn 1960 gie Doede nei Grins ta te studearjen en kaam telâne yn in dûnsband en yn ferskate studinte-kabaret-groepkes. Fral dat lêste spruts him bot oan, hy hie dan ek tige niget oan it skriuwen fan lietsjes, dus sawol de tekst as de muzyk en benammen de kombinaasje dêrfan. De muzyk moast dêrby de tekst drage, en troch melodyske en ritmyske aksinten fuortsterkje en it liket der op dat dat by de lieten dy’t er letter skreaun hat ek altyd sa bleaun is.

Yn 1967 die Doede tegearre mei Oene Spoelstra mei oan in kabaretkriich, útskreaun troch de foargonger fan Omrop Fryslân: de RONO. Hja wûnen de priis en krigen 20 minuten stjoertiid foar de radio. Dat hat foar Doede nei alle gedachten it begjin west fan it optreden mei ferskes foar publyk.

Undertusken kaam Doede yn kontakt mei allerhande foarmen fan muzyk en hy krige in bulte belangstelling foar muzykynstruminten, dy’t yn dy tiid op rommelmerken en yn winkeltsjes foar in pear sinten te keap wiene. Hy pakte it akkordeonspyljen wer op en learde ek wat te spyljen op tinwhistles, dwersfluit, klarinet, piano, banjo, balalaika, lillepipen, ensfh.

Yn de santiger jierren wenne er yn Eastermar en spile hy in bult mei Jappie van der Leest op festivals en oare optredens en sa waard yn 1978 de LP “Frustraasjebloes” opnaam, in skoft letter, yn 1987 folge troch de LP “Húske”.

De LP hie as lûdsdrager syn langste tiid hân en yn 1992 kamen der in tal nûmers fan Doede út op de sammel-skiven fan Aaipop en fan Tsjoch. Aaipop wie en is it jierlikse festival fan fryske popmuzyk yn Nijlân en Tsjoch is de feriening fan fryske folksmuzikanten dy’t Doede ek mei oprjochte hat en dy’t sûnt 1980 jierliks in festival organisearret mei fryske folksmuzyk.

Yn 1995 wie der hoop op in strange winter en dus soe Doede tegearre mei Piter Wilkens, Henk Louwen en Simon Dijkstra in alvestêdeliet opnimme. Mar hja wiene sa enthûsiast dat der as Rayonhaden in hiele KS mei 15 lieten produsearre waard: ”Skodzje foar it brûken”. De winter bleau lykwols sacht. In jier letter binne de twa LP’s “Frustraasjebloes” en “Húske” ek op KS útbrocht.

Mei Piter Wilkens tegearre joech Doede in tsiental lietskriuwkursussen foar it FLMD, letter Tresoar, en hy fûn it hiel aardich en ynspirearjend om mei te meitsjen hoe’t oaren mei it skriuwen fan teksten en lieten dwaande wiene. In bulte kursisten binne noch altyd súksesfol as lietsjesjongers en lietsjeskriuwers aktyf.

Mei Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Jaap Louwes gie Doede op stap as de fjouwer Fryske trûbadoers. Hja makken yntusken al wer twa skyfkes. It wurdt dan ek heech tiid dat Doede sels wer ris mei in KS mei nije lieten komt, mar dêr't Doede it spyljen foar minsken prachtich fynt hat er it mier oan opnamestudio’s. Noch mar efkes geduld dus.

De kompakt skiven fan Doede Veeman

Doede Veeman hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Aaipop1992€19,99
Tsjoch - in priuwke1992N.F.T.
Húske1996N.F.T.
Frustraasjebloes1996N.F.T.
De Rayonhaden1998€10,99
Der tuskenút2004N.F.T.
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
De âlde púndyk by del2007€15,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
It is in spul2009€18,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)