De Wiko's is in Frysk amusemintsorkest dat yn 1969 oprjochte wurden is troch akkordeonist en boer Kobus Algra út Menaem tegearre mei Wytske Tjoelker en Simon Kromkamp. It trio spile op brulloften, partijen en doarpsfeesten. De besetting wikselet noch al ris. Mei sangeres Hepie Hiemstra fan it duo Hepie & Hepie skoare De Wiko's inkelde hits, wêrûnder Op Het Perron, Neem Voor Mij Maar Een Ander en Ik Zal Geen Traan Meer Om Je Laten. Fanôf ein jierren tachtich is De Wiko's it duo Kobus Algra en Eduard Bosker.
De kompakt skiven fan De Wiko's
De Wiko's hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|