Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
De Kast
De Kast


De Kast is oprjochte yn 1993. De bandleden spilen earder al tegearre ûnder de nammen Wish to escape en Goldrush. Der kaam hieltyd mear eigen, meastentiids Hollânsktalich, wurk. De Kast bestiet út Syb van der Ploeg (sang), Peter van der Ploeg (gitaar), Kees Bode (toetsen), Sytse Broersma (bas en sang) en Nico Outhuyse (drums en eftergrûnsang).

In 1997 ferovere De Kast mei In nije dei it twadde plak yn de nasjonale hitparade. Hja hiene de pech dat Prinses Diana krekt ferûngelokke wie wêrtroch't Candle in the Wind net fan it earste plak ôf te slaan wie. In nije dei wie skreaun foar de film De gouden Swipe mar de soundtrack oertrof de film yn súkses. Yn 1998 wûn De Kast, as bêste Nederlânske groep, in Edison. Yn 2000 wurke de groep mei oan de Frysktalige spylfilm de Fûke. Syb van der Ploeg spile yn de film ek in lytse byrol. Ek gean se tegearre mei Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Rients Gratema yn in grutte sirkustinte troch de provinsje yn it kader fan Simmer 2000.

De Kast joech op 21 december 2002 yn de Amsterdamse ArenA it lêste konsert yn de besetting mei Syb van der Ploeg en Nico Outhuyse. Dizze beide giene fierder mei de Ingelsktalige rockband Spanner. Yn jannewaris 2003 folge Jan Tekstra Syb van der Ploeg op as sanger fan De Kast. Fokke de Jong fan Normaal waard de nije drummer. Sûnt oktober 2003 spilen hja ûnder de namme De nije Kast. Yn 2004 hâld de band der hielendal mei op. Sytse Broersma, Kees Bode, Jan Tekstra en Fokke de Jong gean fierder mei de band Bullo. Op 10 novimber 2006 komt de âlde Kast wer byelkoar foar in reunykonsert tidens de Fryske music night yn Ljouwert. Dêrnei trede se sa no en dan noch ris op.

De kompakt skiven fan De Kast

De Kast hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Frysk hit festival 21997€10,99
In nije dei1997N.F.T.
Wa't ik bin2000€6,99
Simmertime2000€15,99
Simmertime 22000€15,99
Met andere ogen2001€9,99
De kastkrakers2001N.F.T.
Hollands goud De Kast2003N.F.T.
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
Fryske music night2007€16,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
Fryske music night 20072008€16,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân trije2009€15,99
De hel foarby2009€6,99
Welkom thuis2010€16,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 42012€16,99
Dreamflecht yn de tiid2012€15,49
It bêste fan de Fryske music night 12012€13,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2013 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)