Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Avondturier & Veeboer
Sa fan 1983 ôf sette it duo “De Avondturiers” útein mei skerpe oansprekkende teksten oer de saken dy’t hja yn it deistich libben meimakken. Dit duo bestie út Kor Avondturier en (neef) Joop Avondturier. Joop wie de grutte ynspirator en Kor de skriuwer. Yn dy tiid bin nûmers as “Lupus”, “Rikke mekriel” en “Skouder út’e kom” skreaun. Spitergenôch spylje Avondturier & Veeboer mar amper mear nûmers út dizze tiid. "Ik sliep sa min" en "O, fanke" binne de ienigste nûmers dy't de tiid oerlibbe hawwe.

Kor moette Peewee yn 1985, krekt op it stuit dat Kor it tiid fûn de mesyk nei in breder peblyk te bringen. As trio hawwe sy in koarte tiid (fan 1986 oant 1988) besocht mei kabaret de téaters ôf te reizigjen. Mei Peewee kaam er ek in mear sakelike kant yn’e mesyk. Dit is de tiid fan “Grinzers” en “Fiskjen”, hjirmei kamen ek de earste súksessen fan dit trio. Joop Avondturier koe him úteinlik net fine yn it nije “format” wat keazen waard (om't er gjin nocht hie te sjongen en oars neat koe) en is út de band stapt. Dit wie de start fan Avondturier & Veeboer. Mei it nûmer “Frysk” setten sy ôf, en se binnen noch net wer stopt.

De kompakt skiven fan Avondturier & Veeboer

Avondturier & Veeboer hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Aaipop1992€19,99
Aaipop Klink dan1996€13,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)