Rients Gratama waard berne op 24 jannewaris 1932 yn Penjum. Hy is kabaretier, akteur, lesjouwer en ek "droktemakker" sa’t er himsels wolris neamt. Hy is de soan fan Geart Gratama en Johanna Sjaarda. Dy wiene beide aktyf yn it doarps- en ferieningslibben. Yn 1950 ferhuze de húshâlding nei Ljouwert.
Rients Gratama gie nei de ULO yn Wytmarsum en letter nei de HBS fan Harns. Yn de fakânsje wurke Rients by de CCF. Dêrnei moast er yn tsjinst en kaam dêrnei wer by de ôfdieling bûtenlânske korrespondinsje fan de CCF. Yn 1957 gie hy nei Harns, wêr’t er direksje-siktaris waard by de sûkerwurkfabryk 'Frisia'. Doe’t er dêr noch gjin wike wurke hie wiisde syn heit him op in adfertinsje yn ’e krante fan it selskip Tetman en Jarich de Vries. Dy sochten in nije meiwurker. "Tetman kaam op in dei by him thús en dyselde jûns waard hy foarsteld oan de oare leden fan it selskip.
Soks wie gjin garânsje foar in súksesfol bestean, mar Rients hie alle betrouwen yn it 'ynstitút' Tetman de Vries. Yn Harns hied er in tal minsken kennen leard dy’t letter it grutte rol foar him spylje soenen: Syn lettere frou Jetske Bijlsma en de lettere cartoonist Cork ( Cor Hoekstra ), dy’t op syn beurt wer Jan J. Bijlsma (letter learaar en skriuwer) koe. Mei harren trijen foarmen se it kabaretgroepke "De Stikelstekkers". Boppedat wie Rients aktyf as muzikant by de korpsen Penjum en Weidum, dy’t beide "Harmony" hieten. Hy spile meast búgel mar fierder ek hast alle oare blaasynstruminten. By it yn Fryslân toch de revu "De Tiid hâldt gjin skoft" ferneamde selskip Tetman en Jarich sieten neist de twilling De Vries ek Riek Landman, Hinke Visser-Oostra en Kor Huisman (piano). Rients kaam yn it plak fan Klaas Westra, dy’t ornaris de rol fan âldere persoanen spile.
Gratama waard yn 1962 troch it literêre tydskrift De Tsjerne al útroppen tot kabaretman nûmer ien . Nei seis jier woe Gratama wat oars: hy begûn in eigen selskip. It earste eigen programma hiet “Se moatte it sels mar witte” en de premjêre wie yn De Lawei. Benammen it sketske “De sjeik fan Arum” sloech tige oan yn de mear as twahûndert foarstellings. Yn syn selskip sieten Jetske Zijlstra, Baukje Felkers, syn âlde freon Cor Hoekstra (CORK) mei as fêste ynfaller Pieter van der Veen (fan Barend en Martsje) en pianist/komponist Kor Huisman. Nei trije jier hie Rients lykwols syn nocht. Hy krige yn 1965 in kâns by de NCRV-televyzje. Radio-ûnderfining hie hy al opdien by de RONO mei syn programma “Bisteboel”. It Hilversumske aventoer duorre lykwols mar twa jier, doe gie Rients Gratama op de solotoer. “Moai waar en lange dagen” hiet syn earste programma yn 1967. Hy waard begelaat troch in kombo besteande út Henk Ondersteijn, Joop Veerbeke en Karst de Groot. It wie in eksperimint, it publyk wie oant dan wend oan sketskes en liet it al gau ôfwitte. Nei ien jier wie it dien.
Rients makke syn earste langspylplaat en kaam dêrtroch yn kontakt mei Wim Sonneveld. Sonneveld kaam te sjen yn Raard nei de foarstelling fan Gratama. It hat laat ta de earste Nederlânsktalige foarstelling “Vingertjes in de Pap” en de premjêre wie yn de lytse seal fan it Konsertgebou yn Amsterdam. Undanks de stipe fan Sonneveld is hy noait in topper wurden yn de rest fan Nederlân.
Rients hannelt net sasear om in boadskip oer te bringen nei it publyk, mar mear út in soarte fan artistyk idealisme. Undanks syn linkse hert fynt de artyst Gratama amusemint meast wichtiger as engaazjemint. Hy hat der in soad wille fan om dingen ut harren ferbân te lûken en it dan letter wêr yn elkoar te passen. Seit ek dat it skriuwen en meitsjes fan programma’s him hietlyd liniger ôfgiet. Om in dei nei it applaus alles wer te relativearjen. Benammen de frijheid is wichtich foar him. Hij giet mar troch, sels in hertoanfal koe him net opkeare. Syn talinten hat er oeral sjen litten. Fan Fryske en Nederlânske podia oant Amearika, Afrika, yn de Golfsteaten en yn Nigearia. As entertener by cruises, yn films en op televyzje. Foar al syn kulturele aktiviteiten krige er in Fryske Anjer. Yn 1998 kaam er werom yn Fryslân en sette him ta wenjen yn it âlde postkantoar fan Akkrum.
De kompakt skiven fan Rients Gratama
Rients Gratama hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
De films fan Rients Gratama
Rients Gratama spilet in rol yn ûndersteande films en as searjes.
|