De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Syb van der Ploeg
Syb van der Ploeg


Syb van der Ploeg (15-06-1966, Dokkum) begjint syn muzikale loopbaan healwei de jierren tachtich. Lanlike bekendheid krijt Syb as frontman fan de Kast. Ien fan de populêrste Nederlânsktalige bands sûnt begjin jierren njoggentich. Yn de tsien jier fan har bestean sleepte de groep in fracht gouden en platina platen yn de wacht mar ek inkelde TMF awards en in Edison foar bêste live-act.

Syb hat mei de Kast útferkochte konserten jûn yn it Abe Lenstrastadion, Ahoy, De Arena en it Gelredome.

Yn 2003 ferlitte Syb en drummer Nico de Kast om de Ingelsktalige pop/rockformaasje Spanner op te rjochtsjen. Yn dat selde jier ferskynt de debút ks fan Spanner dy't frij posityf ûntfangen waard. Wannear't Syb tegearre mei Birgit Schuurmans in oantal Double Dutch optredens docht mei covers komt er op it idee om op te treden mei Syb & Band mei favorite Ingelske- en Nederlânsktalige covers.

Syb krijt in grutte haadrol yn de musical Rembrand neist Henk Poort. De resinsjes binne fol lof. Yntusken wurdt der ek sa no en dan wer optreden mei de Kast.

De kompakt skiven fan Syb van der Ploeg

Syb van der Ploeg hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De hits fan Radio Yllegaal2000N.F.T.
70 jier Rients2002€11,99
Hillich fjoer / Heilig vuur2008€11,99
Fryske music night 20072008€16,99
Lit my foar jim sjonge2009€16,90


De films fan Syb van der Ploeg

Syb van der Ploeg spilet in rol yn ûndersteande films en as searjes.

De fûke2000€11,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)