De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Rommy
Rommy


Rommy (8-01-1950, Twizelerheide) waard berne as Romke Henstra. Rommy wie in Fryske folkssjonger. Hy hie as bynamme de stim fan de Wâlden. Rommy song al as lytse jonge. Syn earste single kaam yn 1985 út. It wie in nûmer fan Freddy Fender, wêrfan't hy de tekst yn it Nederlânsk oersetten hie. Yn 1986 tekene hy by it platelabel De Stille Genieter út De Harkema en mei harren gearwurking binne mear as 10 kompakt skyfkes útkaam. Henstra wie net echt in ûnbekende yn it artiestesirkwy, hy trede mei in soad nocht yn it lân op. Oer publisiteit hie Rommy neat te kleien. Yn it begjin fan syn karriêre song Rommy yn kafees en oare gelegenheden wêr't mar plak wie foar inkele tsientallen minsken. Uteinlik waard it grutte poadium it plak der't Rommy geregeld optrede en syn publyk fermakke.

Rommy ferklearre syn súkses sa: "Ik besykje wol in boadskip yn myn teksten oer te bringen sûnder dêrby belearjend te wêzen. Gjin yngewikkelde teksten, mar gewoan rjocht oan sjonge oer itjinge dêr't ik sels efter stean en dêr't ik fan wit dat it de minsken oansprekt". Rommy ferstoar op 22 april 2007 op 57 jierrige leeftyd oan sloktermkanker.

De kompakt skiven fan Rommy

Rommy hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De hits fan Radio Yllegaal2000N.F.T.
Rommy: Ave Maria2006N.F.T.
Ave maria2009€19,50
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân trije2009€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)