Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Maaike Schuurmans
Maaike Schuurmans


Maaike Schuurmans (14 desimber 1967) is in Fryske sjongster út Snits. As bern hie Maaike Schuurmans graach ballerina wurde wold, mar hja blykte dêrfoar net de goede lichemsbou te hawwen. Se studearre fan 1985 oant 1990 oan de Akadeemje fan Kleinkunst yn Amsterdam. Nei har slagjen wie se te sjen op poadia fan Nederlân, Dútslân, Belzenlân en Londen yn musicals lykas: “Cats”, “Joe, de Musical” en "Mozart”. Mar ek as Janke yn de film De Gouden Swipe. Maaike spile ek mei yn de kabaretfoarstelling Eurosuperfries” útfierd en skreaun troch Rients Gratama. Mei Rients song se letter ek it bekende “De búgel fan Looft den Heer”. Yn Nederlân kin men har ek fan de hit “Wa’t ik bin”, in duet dat se opnaam mei popgroep De Kast. Mei De Kast wie se ek te sjen yn it muzyktheater-spektakel “Simmertime” yn “Simmer 2000”.

Oant 1 april 2001 hie se de rol fan “Magda” yn de musical “Tanz der Vampire”. Maaike is in echte poadium-persoanlikheid mei in prachtige stim. Ynspirearre troch de cd “Painted from memory” (Bacharach/Costello), hat Maaike har ferdjippe yn it libben en de muzyk fan Burt Bacharach (skriuwer fan û.o. ferskes as “Raindrops keep fallin’on my head” en “Walk on by” ).It wie de basis foar har foarstelling “Anyone who had a heart”.

De kompakt skiven fan Maaike Schuurmans

Maaike Schuurmans hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Simmertime2000€15,99
Simmertime 22000€15,99
70 jier Rients2002€11,99
Fryske music night2007€16,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân trije2009€15,99


De films fan Maaike Schuurmans

Maaike Schuurmans spilet in rol yn ûndersteande films en as searjes.

De gouden swipe1996€11,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)