De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Gerbrich van Dekken
Gerbrich van Dekken


Gerbrich van Dekken waard yn 1980 berne yn Drachten en groeide op yn it prachtige Eastermar. Nei it middelber ûnderwiis yn Burgum, folge hja de oplieding ta Hierstyliste. Nei hast tsien jier as kapster / fisasjiste is sy sûnt begjin 2008 praktyk-ynstrukteur op de kappersfakskoalle yn Ljouwert.

Gerbrich wenne jierren yn Eastermar, en belâne fia Burgum yn har hjoeddeistige wenplak Ljouwert. Neist de muzyk is sy gek op film, boeklêze, kokkerellerij en har beide katten Gibson en Fender.

Sûnt 2001 is Gerbrich op 'en paad mei gitaar en in bûsfol nûmers mei folk- en/of country-ynslach. Har poadiumdebút makke Gerbrich al fier foar 2001. By de Eastermarder Merke wie der tongersdeis altyd in drive-in show foar de jongste Broekophâlderkes, mei tuskentroch in echte Playback- en Soundmixshow. En dêr wie lytse Gerbrich, amper 10 jier âld, dy't dêr fan begjin oant ein 'Huilen is voor Jou Te Laat' fan Corrie Konings en de Rekels song. De act wie goed foar de winst: lytse Gerbrich stapte dy jûn mei in echte KS-spiler de Feestloads wer út!

Nei sjongerij ûnder it ôfwaskjen en yn in Eastermarder koarke, kocht Gerbrich op har 19e in Spaanske gitaar en melde har by gitaarlearaar Eddie Mulder yn Drachten. Nei in skoftke fertroude Gerbrich harsels wol en gie op 'en paad. Op it alderearste Easterbarren (2001) spile sy dêr nûmers fan û.o. Indigo Girls, Ilse de Lange en the Dixie Chicks: artysten dy't fan grutte ynfloed wiene op har muzikale rjochting.

Nei in pear jier fan Easterbarrens en lytse feestjes en partijkes rûn Gerbrich Gurbe Douwstra tsjin it liif op in strjitfestival. Sy praten in pypfol, makken in ôfspraak, spilen wat nûmers troch en de muzikale klik wie der. Yn 2006 dûkten hja de studio yn om Gurbes oersetting fan Alison Krauss' prachtfers 'A Living Prayer' op te nimmen. Dizze opname fan 'Mear As In Freon' is nea offisjeel útbrocht, mar wie gauris te hearren op Omrop Fryslân, te besjen op YouTube en kaam yn 2007 nij binnen yn de Fryske Top 100 op nûmer 53.

De kompakt skiven fan Gerbrich van Dekken

Gerbrich van Dekken hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Cohen in het Fries2008€14,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân trije2009€15,99
Thús2010€16,49
Bubbels2011€16,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)