Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Gerrit Breteler
Gerrit Breteler


Berne yn Ynskedee (1954) kaam Gerrit mei syn Twentske heit en Fryske mem op syn tretjinde yn 1967 yn Fryslân. It plattelân beskôget hy as in ûnútputlike boarne fan ynspiraasje. Hy wennet al jierren mei syn frou en twa bern yn in grutte âlde pleats by it doarpke Nes ticht by de Waadsee. Al op jonge leeftiid fielde Gerrit him oanlutsen ta de byldzjende keunst. Hy krijt in oplieding oan de keunstakademy “Vredeman de Vries” yn Ljouwert. Sa ûntwikkelt hy him ta in breed ûntwikkele keunstner. Yn de skilderkeunst giet syn belangstelling bynammen út nei de tradysjonele styl wêryn't it ambacht in essensjeel part is fan de keunst. Yn de jierren 70/80 is der binnen de keunstoplieding net in soad wurdearring foar de tradysjonele ambacht. Gerrit moat dan ek nei Musea om kennis te garjen. It hjoeddeiske wurk fan Gerrit kenmerkt him troch passy en fakmanskip. Syn grutte skeppingsdrang beheind him net allinnich ta it skilderjen. Hy mei him ek graach uterje yn muzyk, sang, gedichten en it skriuwen fan toanielstikken.

Mei de troch him mei oprjochte muzykgroep “Fling” trede hy oant 2002 op as fertolker fan bynammen Ierske folksmuzyk. Fryske teksten genietsje op dit stuit syn foarkar. Syn ks ‘Lit ús dêrom drinke’ is in grut súkses wurden. Gerrit Breteler wurdt in soad frege om as sjonger/ferteller yn teaters, tsjerken en bysûndere gelegenheden op te treden.

Hoewol't Gerrit Breteler net yn Fryslân berne waard behearst hy de Fryske taal perfekt. Syn soarch om de delgong fan it Fryske plattelân is in weromkommend tema yn syn wurk. Hy toant him striidber wannear't politike systemen yn de lânbou ta grutte rampen liede as wannear't it lânskip oantaaste wurdt.

De kompakt skiven fan Gerrit Breteler

Gerrit Breteler hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Lit ús dêrom drinke2004€18,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
Nothin'niks-neat-niks2007€19,99
Cohen in het Fries2008€14,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)