Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Jitiizer
Jitiizer


Jitiizer is de Fryske tongercore band út Sint Nyk en omstreken. Al op 18 Augustus 1991 wiene de earste tongerkoarkes te hearren en dêrmei is Jitiizer op dit stuit ien fan de langst spyljende Frysktalige bands fan de provinsje.

By de foarronde fan de "lytse priis fan Snits" op 18 april 1992 bliek sawol it publyk aswol de sjuery harren kinnen wol te wurdearjen. Dit joech de sjuery oanlieding om Jitiizer nei de finale op 23 maaie 1992 te stjoeren. Hjir wisten hja it tredde plak te beheljen.

In soad minsken freegje har ôf wêrom't der foar de namme JITIIZER keazen is. Dit wurd komt yn it Fryske wurdboek bygelyks net iens foar. It wurdt troch de hearen als folgt útlein: Yn de Heavy metal wrâld wurdt der in protte brûk makke fan metaal. Nim bygelyks de musykbenammings heavy metal, death metal, black metal, de nammen Agent Steel, Iron Maiden, Metallica, Iron Fist ensamear. Der moast dus in namme fan metaal komme. Fierders hawwe alle oare bands keazen foar hurd metaal of oare hurde saken lykas Skull Crusher, Artillary, de muzykbenamming hard core ensfh. Omdat Jitiizer in nije rjochting ynslaan woe dy't besjoen wurde kin as in persiflaasje op muzyksoarten sa as heavy metal waard keazen foar in sêfter metaal: JITIIZER.

It wie fuort al dúdlik dat sy de gefoelens net yn de Ingelske en seker net yn de Nederlânske taal uterje koene, dêrom hawwe hja foar it Frysk keazen. En omdat de musyk net te pleatsen wie ûnder in bepaalde metaal foarm moast der ek in namme komme dy't net yn it wurdboek te finen wie. JITIIZER stiet ommers yn it wurdboek as "getten iser". Yn Sint Nyk wurd noch wol faak sein: "hjit-iser". Dan makket de skriuwwize it ferhaal kompleet. De nije muzyksoart waard Tonger core neamt.

De kompakt skiven fan Jitiizer

Jitiizer hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Frysk tonger core1996N.F.T.
Aaipop En Daverje1996€13,99
Skopt kont1999N.F.T.
Kup D2001N.F.T.
Hjir is der ol2003N.F.T.
Gek2004€9,99
Alles út 'e kast2006€14,99
De nije Friezen2008€9,99
Ut 'e skroeven2010€17,49
Aaipop 2010 live2010€12,49
 
Kopyrjochten © 2009 - 2013 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)