De Fryske groep Jarje hat spile fan 1974 oan't 1991. De groep is úteinsetten fanút de Drachtster Ryks PA. It wie de tiid dat der hast gjin Fryske muzyk makke waard. Inkeld Roel Slofstra wie dwaande as trûbadoer. Jarje stie yn Drachten yn 'e midden fan in nije 'Fryske weach'. Hja wiene belutsen by lytsskalige muzykbarrens en poeziemainfestaasjes oan 'e Ikesingel. De grutte trochbraak barde frjemdgenôch net yn Fryslân mar yn Amsterdam op it Frysk Folkfestival yn Artis, dat wie yn 1974. De mannen fan Jarje wiene ferbjustere fan it súkses op dit muzykbarren. Fanôf dat stuit spile Jarje oeral yn Fryslân, mar ek bûten de provinsje waard in protte optreden. Der is altyd besocht sels tekst en muzyk te meitsjen, lykwols waard der wol gebrûk makke fan tekstskriuwers lykas Berber van der Geest, Akky van der Veer en Thys Hannema. Mids jierren tachtich sette Jarje útein as 'Band' en makken hja de LP Boerebal. It direkte kontakt mei it publyk waard minder en begjin jierren njoggentich waard besletten om mei de 'Band' op te hâlden. Jos de Vries en Hille Faber binne dochs wer oan it spyljen, nije lieten bin wer makke en wa wit komme dy skylk ek nochris op 'e skiif!!!
De kompakt skiven fan Jarje
Jarje hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|