Agnes Sambrink is in sangeres dy't mei praktysk alle popstylen wol goed út de fuotten kin. Sy waard al op har sechtjinde jier beropssangeres. Dat is fansels ek gjin wûnder mei sokke âlden. Agnes is de dochter fan Pier Sambrink (De Sambrinco's) en Anneke Douma. Nei't sy earst yn Nederlân wat ûnderfining opdien hie mei ferskate bands toerde hja as sangeres fan in popgroep sa'n 5 jier lang troch Denemarken, Finlân, Sweden, Noarwegen, Dútslân, Luksemburch, Belzenlân, Itaalje en Nederlân wêrtroch't sy in sangeres mei romme ûnderfining waard.
De kompakt skiven fan Agnes Sambrink
Agnes Sambrink hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|