Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Feetwarmers
Feetwarmers


De Feetwarmers binne in soadsje ûngeregeld dy't allegear opgroeid binne op it Bildt. It begûn allegear ein 1989 doe't de mannen op wintersport soene nei Tsjechje. Jan de Vries, Dirk Machiela, Jarco Kramer, Piet Braaksma en Haije Postma foarmen de basis fan de Bildtse band. Wer werom waard der in optreden regele yn de soas fan Sint Anne en al rap dêrnei moasten de mannen (mei klompen en kowboy-hoeden ùtdost) op gruttere poadia dan dat sy went wiene. Der waard in bassist fûn yn Sjouke Feenstra (Storing) dy't it saakje wat mear muzikaal byelkoar bine koe. Sa wie it soadsje kompleet en koe der op los dost wurde! Al hiel wat kilometers hat de “bus” ôflein yn al dy jierren. Fan Gentse feesten oant Oerol, fan Vlissingen oant Delfsyl en fan Arnhim oant oan 'e Nije Dyk, se ha allegear de Feetwarmers wol ris te spyljen hân. Yn 1993 waard Jarco ynruile foar Leo van der Bergh, dat wie net sa'n goeie set want neist drinke en praatsje meitsje koe hy net safolle mar nei tsien jier stiet er dochs syn mantsje. Yn oktober 1997 sei Piet dat er syn drumstokjes kwyt wie en dat er der ek net mear om sykje woe. Doe waard Jouke de Boer (Camball Boom Band) oantrokken as syn ferfanger. Dizze koe wol swimme yn it muzikale wetter dus al mei al in goeie ferfanger. Yn 2000 kaam der in feroaring yn de taal fan de Feetwarmers. Dy taal wie altyd Ingelsk west mar troch it nûmer De Emigrant(simmer 2000) en troch de Bildtske super hit ‘t Maisy fan 'e Met yn 2001 seagen de Feetwarmers yn dat sjonge yn de memme-taal ek bêst in nije útdaging wêze koe. It Kredo is no dan ek: BildtseGaiteKeesMesyk!!

De kompakt skiven fan Feetwarmers

Feetwarmers hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Folkus on1992N.F.T.
Cold feet1996€13.99
Frisian Airplay II1997€19.99
Maisy fan 'e met2002€6.99
Fryslân Muzyklân 42003€13.99
Premium gaitekees mezyk2004€18.99
Oates en Toates2005N.F.T.
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15.99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15.99
Aaipop 2010 live2010N.F.T.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)