De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Reboelje
Reboelje


Reboelje wie fan 1987 oant 2003 in Frysktalige band. De groep makke net allinnich muzyk, mar mingde dy muzyk ek mei oare keunstfoarmen. It bekendste nûmer fan Reboelje is fansels Marije Maria dat al jierren de top 100 fan Fryslân dominearret. De groep ûntstie doe't Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt kamen mei Marius de Boer en Tsjerk Bootsma. De freonegroep oefene by boer Loadsma yn Kûbaard en einige op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, koe de groep fjouwer nûmers op kassette opnimme mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. Se treden in soad op, lykas by Aaipop. De groep waard lannelik net sa populêr, mar hie wol sukses mei optredens yn Frankryk en Ingelân. Yn 1994 waard de CD 'Medusa' presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgrims. Yn 1996 folge de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfieme film, dia’s, muzyk, toaniel en teater. Yn 1999 spile de groep tegearre mei Femme Vattaal op Oerol, yn 2001 spilen hja tegearre op Toerismo. Yn 2002 gie Reboelje wer it téater yn, mei it programma 'Blau Paradys'. Op 'e nij mingde de band muzyk mei oare keunstfoarmen, yn dat programma wienen dat film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Ek Three-ality die mei oan it programma. Dat jier waard Reboelje ek de Bernlef-priis takend, dy't de provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie. In jier letter, by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn 2003 as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter Gysbert Japiks opfierd waard, luts Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy waard yn de rockopera ferfongen troch Tsaerd Nauta. Op 2 novimber 2003 hold de groep op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme Swee, mar Marius de Boer besleat yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen. Lykwols begûn er yn 2005 as soloartyst Mariusz.



De kompakt skiven fan Reboelje

Reboelje hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Reboelje yn in sabeare wrâld1987N.F.T.
Skepper fan de skepper1989N.F.T.
Magysk teater1991€15,99
Simmersnie1992N.F.T.
Aaipop1992€19,99
Medusa1994N.F.T.
De brulloft1996€13,99
Merkeman1996N.F.T.
Aaipop En Daverje1996€13,99
Hotel Reboelje1997€18,99
It famke, de hûn en de houtkapper1997€6,99
Frisian Airplay II1997€19,99
Trochstrings & Ko1998N.F.T.
Marije Maria1998N.F.T.
In nij begjin1999N.F.T.
De oere 02000N.F.T.
Fryslân Muzyklân 12001€13,99
Wûnslân2001€13,99
Fryslân Muzyklân 32002€13,99
Fryslân Muzyklân 42003€13,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)