De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Kalis
Kalis


Kalis is ûntstien yn it neijier fan 1983. De band waard oprjochte omdat de bandleden as in ploechje muzikanten gesellich mei elkoar muzyk meitsje woene. Dizze muzikanten wiene doe John Brekelmans, Olof de Graaff, Ger Lamerus, Gerard Nijborg en Paul IJsseldijk. Yn de maaitiid fan 1984 waard foar it earst optreden. De groep hie doe noch net de namme Kalis, dizze namme waard pas dêrnei betocht troch John Brekelmans. De namme komt út it Middel-Nederlânsk wurdboek en hat in soad betsjuttings lykas earmelju, earmoedsaaier, beroaide, jildloaze, drinkebroer, willemakker, immen sûnder middels. Ek is de namme Kalis yn Frankryk te finen û.o. yn Calais (Calis). Brederode skreau al: "zo zeker, zo waarachtig, zo gewis, wat een gemis, voor iemand die geen kalis is". Kalis spile yn de begjinperioade tradysjonele folkmuzyk mei de neidruk op mearstimmige sang. De wille yn it muzykmeitsjen stie foarop. Op 13 septimber 2008 is Kalis der mei útskaaid. De besetting wie doe: Gjalt Bosma (sang, fiddle, gitaar, tinwhistle), Germ Dikland (sang, drums, perkusje), Rutger Dijkstra (sang, bas, basgitaar), Hans Kerkhoven (sang, elektryske gitaren) en Gerard Nijborg (sang, gitaar, french accordions, mandoline, banjo).

De kompakt skiven fan Kalis

Kalis hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Folkus on1992N.F.T.
Slough2001€13,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)