De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Minke Adema
Minke Adema


Minke Adema begûn har muzykkarjêre yn de jierren tachtich by rockfeesten. Nei wat omswalke te hawwen yn it rock- en coverbandsirkwi yn en rûnom Fryslân begûn Minke it wat serieuser oan te pakken. It rissltaat wie enersjyk eigen wurk. Sy komponearre yn de jierren njoggentich mei har bêste freon Eelco Engelsma de iene nei de oare stevige rocksong. Sa begûn Minke te bouwen oan in eigen band mei de namme Mink. Yn it begjin fan 2009 naam sangeres Minke it beslút om as duo fierder te gean. Tegearre mei skriuwerspartner fan it earste oere, Eelco Engelsma, sloegen hja in nije wei yn. Mei de singel De Ranjaman (nûmer 53 yn de Fryske Top 100 fan 2008) wie dat fuortdaalks al in súkses. Minke Adema is op dit stuit de havenmasteres fan Langwar.

De kompakt skiven fan Minke Adema

Minke Adema hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
Friesstyle2008N.F.T.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)