Griet Wiersma waard berne yn Driesum as de jongste dochter út it gesin fan Wietse en Anna Bieringa. Yn 1979 is sy trout mei Leo Wiersma en tegearre hawwe hja de winkel en it bensinestasjon fan Griet har âlden oernaam. Hja krigen twa bern. Yn 1989 stopten sy mei it bedriuw. Der waard doe in nij hûs bouwd yn Wâlterswâld. Griet waard doe taksy rider, in prachtich berop dat hja graach dwaan mocht. Dêr is har sangkariêre ek begûn. Op oantrunen fan har sus, dy't miende dat Griet by in band moast, luts sy de stoute skuon oan. Yn in audysje fan sân froulju waard Gryt útkeazen. Sa begûn Gryt as sjongeres fan de Happy Tuners. Troch sykte gie dy band letter útelkoar. Gryt waard doe frege troch it duo Challenge om mei harren fierder te gean. Yn dizze band hat sy ek mannich jier mei in soad wille songen. By ien fan de optredens wie ek Teake van der Meer oanwêzich. Hy frege Gryt oft sy ek mei him optrede woe. Yn it jier 2000 luts Gryt dan ek tegearre mei Teake van der Meer en Minze Dijksma troch de provinsje. Yn 2001 kaam de sjo 40 jier lytse Teake en dêr skreau Gryt it bekende nûmer Frysk hynder foar. Neidat sy dit nûmer in pear kear songen hie wiene de minsken sa entûsjast dat sy it nûmer graach keapje woene. Sa waard úteinlik de studio opsocht foar de mini ks fan it Frysk hynder. Omdat it taksyriden net mear te kombinearjen wie mei de optredens is Gryt stoppe mei har baan as taksyrider.
De kompakt skiven fan Griet Wiersma
Griet Wiersma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
| Noflik fan hûs | 2001 | €15,99 | | | Frijheid | 2003 | €15,99 | | | 40 jier lytse Teake | 2003 | €15,99 | | | Werom yn 'e tiid | 2004 | €15,99 | | | Foppe bedankt | 2004 | €9,99 | | | Sirkel fan it libben | 2005 | €15,99 | | | Frysk hit festival 3 | 2005 | €15,99 | | | Teake set troch | 2005 | €15,99 | | | It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân | 2006 | €15,99 | | | Fryske music night | 2007 | €16,99 | | | Wy binne Friezen | 2007 | €6,99 | | | Efkes wat oars | 2007 | €15,99 | | | Fryske music night 2007 | 2008 | €16,99 | | | Sa kin't ek | 2008 | €15,99 | | | Lit my foar jim sjonge | 2009 | €16,90 | | | 40 jaar Wiko's | 2009 | €14,99 | | | Skoft yn 'e tiid | 2010 | €15,99 | | | Simmer yn Fryslân | 2010 | €11,49 | |
|