It Fryske Van Wieren waard oprjochte yn 2005 troch de leden fan de rockband Thin Air. Yn
oktober 2005 wint Van Wieren de 15e edysje fan it Fryske songfestival Liet. Troch de faksjuery wurdt it nûmer Nim dyn tiid al heech wurdearre mar ek it publyk yn de Harmonie en de televyzjesjoggers fan Omrop Fryslân stimme massaal op Van Wieren. Sûnt dy tiid is Van Wieren in faak frege band foar ferskate radio- en tv-optredens yn Noard-Nederlân. Op 14 oktober 2006 fertsjintwurdige Van Wieren
Fryslân op it Ynternasjonale songfestival foar minderheidstalen yn
it Sweedske Östersund. Van Wieren bestiet út Robbie van Wieren (sang), Harry van Wieren (gitaar), Jan Sybren Kingma (gitaar), Edwin Smith (basgitaar) en Minne Aartsma (drum).
De kompakt skiven fan Van Wieren
Van Wieren hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|