Healers is in opfallende Fryske blûsband út Beetstersweach. Mei rauwe ‘Fryske Roots blûs’ is de band op it stuit ienich yn syn soart. De band bestiet no sa'n tsien jier en operearde yn syn earste jierren yn it gewoane cover-sirkwy ek mei muzyk út de folksfear. De hjoeddeiske muzykkoers is fan de lêste fiif jier. It Sweachster festival fan 2004 hat dêr in fername rol yn spile.
As doel hie de band om op it festival in set Fryske blûs te spyljen. Klassike blûsnûmers waarden oerset en sa kaam it program ‘De Blûsrûs’ ta stân. It publyk op it festival yn september 2004 fûn it leuk, boargemaster doetiids, Sicko Heldoorn fan Opsterlân en ek presintator fan it festival rekke entûsjast. Hy wist de wei wol nei in subsydzjepotsje en dat wie in goede triuw yn de rjochting fan de opname fan de C.D. ‘De Blûsrûs. De opnames dêrfan wiene yn maaie 2005, yn it kafee De Rolbrêge fan Bouke Oldenhof by de Tynje, mei publyk.
Healers bestiet út Ruurd Huitema (bas), Marten Scholten (slachwurk, pannen en sang), Iede Hoekstra (gitaar), Feiko Wouda (mûlharp en rammelguod), Bauke de Grouw (oargel, piano, gitaar en banjo) en Jehannes Veenstra (sang, gitaar en rammelguod).
De kompakt skiven fan Healers
Healers hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|