Sipke de Boer (1978) is sûnt ûngefear 1994 aktyf yn de Fryske en Nederlânske muzyk. Sipke hat al yn ferskate bands aktyf west. Syn earste band wie Raffelje. Dêrnei kamen 't Pearske kabinet, Hannes en syn maten, de Beugelband en deBlades. Dêr tuskenyn wiene der ek genôch soloprojekten. Sipke hat al ferskate singels útbrocht wêrfan't der ien hiel efkes yn de top 40 stien hat. Sipke treedt solo op mei orkestbannen as mei in begeliedingsband. Ek ferskate putsjes as presintaasjes en teaterproduksjes kinne gauris op syn meiwurking rekkenje.
De kompakt skiven fan Sipke de Boer
Sipke de Boer hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|