Hepie Hiemstra wie fan 1975 oant 1979 sangeres by de Wiko’s. Yn 1978 skoare hja twa hits te witten; 'Neem voor mij maar een ander' en 'Ik zal geen traan meer om je laten'. Sy is dan noch mar sechtjin jier jong. Yn 1979 beslút sy de groep te ferlitten omdat har it libben as sangeres dochs wol swier falt.
Omdat sy de muzyk dochs net hielendal efter har litte koe naam sy tegearre mei har nichtsje en bêste freondinne Hepie Uitterdijk in demo op fan Hank Lockling's 'Sent me the pillow'. De beide froulju binne ferneamd nei beppe Hepie en sy beslute dan ek ûnder de namme Hepie & Hepie op te treden.
Under lieding fan produsearder Tom Peters wurdt besletten dizze demo om te setten yn in plaatopname en yn it neijier fan 1979 ûntstiet sa de grutte hit 'Ik lig op mijn kussen stil te dromen'. Nei dit nûmer skoare Hepie en Hepie noch in stik as wat hits. Yn 1983 gie it duo útelkoar. Yn 1989 kaam 'Ik lig op mijn kussen stil te dromen' út as houseútfiering. Yn 2007 kamen de twa Hepies oppenij byelkoar foar in reuny. Yn 2008 giene hja wer solo fierder.
De kompakt skiven fan Hepie & Hepie
Hepie & Hepie hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|