Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Willehúske
Willehúske


It Willehúske hat in skoft lang in Folkduo west dat bestie út Paul Siemensma fan de Rottefalle en Frits Sieswerda út Frjentsjer. Sûnt jannewaris 2006 makket Bert Dopstra út Donkerbroek fan it duo no in trio. De muzikanten wiene earder aktyf yn respektivelik Wiegels Wjukkel Masine, Trije Gurbes en Tsjirmerij.

Hja sjonge in keur oan Ierske, Amearikaanske, Nederlânske en Fryske traditionals mar ek eigen wurk, bynammen yn it Frysk en Stedsfrysk. Dêrby begeliede hja harsels op û.o. akkordeon, harmoanika, gitaar, banjo en perkussy. Harren grutste boarne fan ynspiraasje is de Pogues. Lykas dizze band yn de jierren tachtich, begjin jierren njoggentich de Ierske traditionals ôfstoften en yn in eigen jaske stoppen, sa docht it Willehúske dat mei mannich Fryske klassiker. Hja stiene yn 2002 yn it foarprogramma fan de romrofte Pogues foarman Shane MacGowan en syn band de Popes!

De leafde foar de Ierske folk wurdt net ferstoppe mar ek de Cajun en Texmex spylje hja mei in soad wille. De muzyk bringt de harker nei kâlde kusten, it Bildt, it hite Texas, de moerassen fan Louisiana as nei in Ierske pub.

De kompakt skiven fan Willehúske

Willehúske hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Aaipop Klink dan1996€13.99
Willehúske2001€13.99
Fryslân Muzyklân 32002€13.99
Fryslân Muzyklân 52004€13.99
De seedyk lâns2006€13.99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15.99
Aaipop 2010 live2010N.F.T.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2010 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)