Tjeerd Henstra is in soan fan Rommy. It artyst wêzen sit Tjeerd yn it bloed. Al op de legere skoalle die hy mei oan playbackshows. Yn it begjin troch lykas safolle oaren Elvis Presley nei te dwaan, letter tegearre mei syn broerke Trienes as de Everley Brothers. De twa broerkes wiene al rap flau fan it playbacken. Nei wat sjonglessen besochten de hearen it in kear live. Dat wie in goeie kar want al rap treden hja yn it hiele lân op as the Nightbrothers. Dat duorre mar eefkes want Tjeerd hie syn sinnen set op in kaffee. Hast trije jier wie hy de útbater fan in bloeiende saak yn Fryslân. Dêrnei folge Tjeerd oppenij syn hert troch wer te sjongen mar no yn it Nederlânsk.
Nei tal fan singeltsjes, wêrûnder duetten mei Hepie (Hepie en Hepie), Rommy en Agnes Sambrink (Frysktalich), en nei maar leafst fiif albums makke te hawwen, stiet Tjeerd no yn Fryslân oan de top oangeande Nederlânsktalige folksmuzyk. Hitsjes as "Joanna" en "Mexican girl" klinke hast elkenien bekend yn de earen. De earste TOP 100 notearing is yntusken ek binnen ('Als een donderslag').
De kompakt skiven fan Tjeerd
Tjeerd hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|