Margriet Eshuijs (14-10-1952, Zaandam) is in Nederlânske popsangeres. Sy krige de muzyk mei fan har âlden dy't beide muzikant wiene en dy't in muzykwinkel en in muzykskoalle hiene. Al fanôf har njoggende spile sy yn bandsjes (The Marileens, Equipe Z.) op de elektryske gitaar. Letter spile hja ek elektroanusk oargel en by need die sy de sang der ek noch by. Yn 1972 waard de popgroep Lucifer oprjochte dy't ûnder oare yn 1974 de hit 'House for sale' skoarde. Dêrmei begûn de karjêre fan Margriet fuort goed. Yn 1979 stopte Lucifer wer. Margriet Eshuijs gie solo fierder. Margriet hat tidens har karjêre ferskate priisen yn ûntfangst naam wêrûnder Edisons ('On The Move Again', 'Black Pearl' en 'Right On Time') en in Gouden Harp ('Sometimes'). Yn 1999 waard sy beneamd ta Ridder yn de Orde fan Oranje-Nassau.
De kompakt skiven fan Margriet Eshuijs
Margriet Eshuijs hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|