De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Swiet & Bjuster
Swiet & Bjuster


Swiet en Bjuster waard yn 1992 oprjochte troch Oege Reitsma (gitaar) en Jacob de Boer (mûlharp en sang) om sa as duo muzyk te meitsjen. Al gau kamen Jan Roel Hamersma (drum) en Brant Visser (bas) der by om de ritmeseksje te fersoargjen en sa waard Swiet en Bjuster in echte band. Se spilen ynearsten noch yn it Ingelsk, mar nei in moanne as wat waard it repertoire folslein Frysktalich.

Op Liet 93 wûn Swiet & Bjuster de twadde priis. It blueskwartet begeliede ûnder oaren Anneke Douma yn "It Woanskip".

Yn 1997 kaam Erik Schippers der as twadde slachwurker by. Yn desimber 1998 hat de groep besletten om te stopjen. Dêrnei giene Oege Reitsma en Jacob de Boer krekt as yn it begjin troch as duo. It duo hâlde der yn 2001 hielendal mei op. Oege Reitsma gie fieder yn Ubrabaya. In band oprjochte troch Jan Dijkstra (Shakey Sam)en Brant Visser.

De kompakt skiven fan Swiet & Bjuster

Swiet & Bjuster hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Sa lang as de diesel it docht1994N.F.T.
Wolf1996€21,99
Aaipop En Daverje1996€13,99
Club Swiet & Bjuster1998N.F.T.
Fryslân Muzyklân 12001€13,99
Fakânsjeblues2002€13,99
Fryslân Muzyklân 42003€13,99
Fryslân Muzyklân 62005€13,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)