Irish Stew stiet al mear as 30 jier garant foar ûnferfalske folk muzyk. Elk optreden fan dit kwartet is in wier feest. Irish Stew wit sawol fersterke as akûstysk elke seal te feroverjen! Ierske ballades en pubsongs wurde oanfolle mei seeferskes, shantys en eigen wurk wurde op in hiel eigen wize fjouwerstemmich en begelaad troch in stampende bas en in firtuoase fioel songen. De band bestiet út: Johan Juckers (sang en gitaar), Ger Lamerus (gitaar, tin whistle, lûkpude en sang), Wilt Dijk (kontrabas, mandoline, sang) en Nils Koster (fioel, mandoline, kontrabas, gitaar, sang).
De kompakt skiven fan Irish stew
Irish stew hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|