Rinke Schroor en Wietske Laverman meitsje al jierren tegearre muzyk. It echtpear sjongt Fryske bewurkings fan bekende en minder bekende ferskes. Rinke Schroor is muzyklearaar en jout piano- en gitaarles. Hy ûntwikkelde him yn de rin fan de tiid ta multi-ynstrumentalist en komponist. Tegearre diene hja yn de soundmixshow fan 1994 mei as Gert en Hermien. Foar dit duo komponearre Rinke ek inkelde nûmers. Ek wurken hja gear mei skriuwster Auck Peanstra dy't de ideeën fan Rinke en Wietske yn teksten om wist te setten. Wietske sette sels teksten fan Beatle-songs oer yn it Frysk.
De kompakt skiven fan Rinke & Wietske
Rinke & Wietske hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|