De Koudumer band Cajun Beano stie yn 1995 foar it earst op it poadium. Dat wie yn de jazzclub fan De Lemmer. Sûnt dy tiid is de band útgroeid ta in suksesfol, in soad frege orkest. Dat sukses is te tankjen oan it entûsjasme fan de bandleden en oan de muzykkar. Cajun Beano spilet texmex en cajunmuzyk. Dizze muzykstylen binne mei troch omtinken fan Omrop Fryslân en bands lykas Rowwen Hèze en Captain Gumbo yn koarte tiid tige populêr wurden. De bandleden fan Cajun Beano komme út ferskate disiplines. Sa spilen Harry Koch en Thys Wadman earder tegearre yn in popband. Gitarist Jan Zeldenrust fertsjinne syn spoaren by meardere dûns- en stemmingsorkesten. Johan Bloem, akkordeonist, wie earder aktyf as kontrabassist yn ferskate jazz- en dixielandformaasjes.
De kompakt skiven fan Cajun Beano
Cajun Beano hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|