Yn oktober 1993 sloech Femmes Vattaal de earste slach. Ynspirearre troch Les Tambours du Bronx en oare foarmen fan slachwurk besletten in oantal freondinnen/hûsgenoaten sels muzyk te meitsjen. In oefenromte waard regele, fetten en stokken waarden kocht, en doe gie Femmes Vattaal los. De oanbiedings foar optredens streamden al rap binnen. Femmes Vattaal liket hast oeral wol te passen. Fan doarpsfeesten oant it Gelredome, fan bedriuwsiepeningen oant it Oerol festival, fan poppodia oant studintefeesten.
De kompakt skiven fan Femme Vattaal
Femme Vattaal hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|