Op 5 novimber 2003 hâlde Reboelje yn Kûbaard in parsebyienkomst oer it beslút fan ’e groep om der nei goed 16 jier, njoggen albums en trije muzykteaterproduksjes mei op te hâlden. Omrop Fryslân en oare media hawwe wiidweidich ferslach dien fan dy byienkomst.
Op 5 novimber 2004, krekt in jier nei dato dus, lizze Rommert Reitsma (drums), Tsjerk Bootsma (sang, toesten, basgitaar en blaasynstruminten), Tiede Lanting (sologitaar) en Durk Hogendorp (slachgitaar en sang) de (domein)namme fêst foar har nije band:
SWEE
De namme SWEE (Nederl.: zwad, rij gemaaid gras), as opfolger fan Reboelje, is ynjûn troch de siswize ‘Jins (eigen) swee gean’ (Dyn [eigen] gong gean).
Yn 2005 en 2006 binne de fjouwer mannen fan SWEE drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan in eigen lûd en it skriuwen fan nije teksten en muzyk. Sûnt desimber 2006 is SWEE in 5-mans band. Bassist Bob Schaafsma, dy't op de "Lok" ks-presintaasje foar it earst te hearren wie, is foar fêst lid wurden fan it SWEE-kollektyf. Bob hat al in hiele karriêre yn it Fryske muzykbarren efter him. Hy spile û.o. yn Bowl, Pavane, Social Security en The Visitor.
De kompakt skiven fan Swee
Swee hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|