De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Ernst Langhout
Ernst Langhout


Ernst Langhout (berne te Aldtsjerk op 16 maaie 1956) is in Fryske muzikant. Hy is foaral bekend as folksmuzikant mar yn it begjin fan de 80-er jierren die er in útstapke nei de New Wave mei de band The Visitor.

Yn it midden fan de 70-er jierren lit Langhout foar it earst fan him hearre mei de akoestyske folkgroep Haggis dêr't hy mei toert yn Skotlân. Neidat Haggis yn 1978 opdoekt is, rjochtet Langhout de new wave band The Nighttime Visitor op dy't yn 1981 fierder giet as The Visitor, dêr't hy in tal platen mei makket.

As ein jierren 80 The Visitor opdoekt wurdt, leit Langhout him wer ta op folkmuzyk. Ut de tiid fan The Visitor binne lykwols wat kontakten oerbleaun út East Europa en hy sil dêr ferskate Fryske bands, wêrûnder Weekend At Waikiki oan optredens helpe.

Ernst wurket gear mei Big Tree en mei de folkgroep The Hones. Dy gearwurking leveret Ernst Langhout syn earste frysktalige cd "Nea Foar Altyd" op. De moaie Fryske bewurking fan Dylan's "All Along The Watchtower" falt dêrop op.

Yn 1998 makket Langhout mei The Hones de ks "Parties, Battles And Tragedys", in miks fan folk- en rockmuzyk. Yn dat selde jier makket Langhout tegearre mei skriuwer en byldzjend keunstner Wilco Berga de cd "Sjonger en Dichter". Wilco Berga en Ernst Langhout hawwe ûnder deselfde namme ferskate optredens fersoarge, ûnder oaren op it Oerol Festival fan 1999.

Ernst Langhout hat twa folsleine skiven mei Fryske Bob Dylanlietsjes makke. Dêrnei hat er ek noch wat ferskes fan John Lennon oerset.

De kompakt skiven fan Ernst Langhout

Ernst Langhout hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Nea foar altyd1996€12,99
Frysk en Frij heart derby1997N.F.T.
Frisian Airplay II1997€19,99
Sjonger en dichter1998€15,99
Parties Battles and Tragedy1998N.F.T.
Fryslân Muzyklân 22001€13,99
Fryslân Muzyklân 42003€13,99
Dylan yn it Frysk2004€13,99
Dylan yn it Frysk 22005€13,99
Fryslân Muzyklân 62005€13,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
Lutske laket2007€9,99
Simmer yn Fryslân2010€11,49
Dylan yn it Frysk2010€18,99
In frysk earbetoan oan Bob Dylan 2010€18,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)