De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Mink
Minke Adema begûn har muzykkarjêre yn de jierren tachtich by rockfeesten. Nei wat omswalke te hawwenb yn it rock- en coverbandsirkwi yn en rûnom Fryslân begûn Minke it wat serieuser oan te pakken. It rissltaat wie enersjyk eigen wurk. Sy komponearre yn de jierren njoggentich mei har bêste freon Eelco Engelsma de iene nei de oare stevige rocksong. Sa begûn Minke te bouwen oan in eigen band mei de namme Mink. De Fryske topmuzikanten Klaas Bos, Mark Maas, Erik Hof, Mark Hofman en Jeroen Seinstra spilen mei op de singel Nim My Mei. Mink wie op dat stuit in tige wurdearre live-band yn it Noarden fan it lân. Nei't Mink ûntdekt waard troch Willem van Kooten tekene hja yn 2005 har earste echte platendiel. Dêrnei folge it iene optreden it oare op. Foar Eelco waard it wat te kommersjeel dat hy gie fierder mei de band Multigrade motoroil. Dêrnei woe Willem van Kooten Minke it leafst as soloartyst op de plaat sette. Sy wegere dat omdat hja fûn dat sy it bêst tot har rjocht kaam yn in band.

Yn it begjin fan 2009 naam sangeres Minke it beslút om as duo fierder te gean. Tegearre mei skriuwerspartner fan it earste oere, Eelco Engelsma, sloegen hja in nije wei yn. Mei de singel De Ranjaman (nûmer 53 yn de Fryske Top 100 fan 2008) wie dat fuortdaalks al in súkses.

De kompakt skiven fan Mink

Mink hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Nim my mei2003€7,99
Fryslân Muzyklân 52004N.F.T.
Lit ús dêrom drinke2004€18,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân trije2009€15,99
In frysk earbetoan oan Bob Dylan 2010€18,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)