De band Bacon and Bones waard yn 2001 oprochte troch gitarist Dirk Spek en eks-bassiste Ellen Bones dy't yn 2008 opfolge waard troch bassist Peter Smits. De bandnamme komt fan it gearfoegen fan de efternammen (Spek en Bones), wêroan't in Ingelsk tintsje jûn waard. Sûnt dy tiid litte hja in soad fan har hearre. Sa wûnen hja yn 2003 it Lietfestival mei it eigen nûmer "It Allerheechste Guod".
Yn 2005 waard it winnende Bildtlied "Dut Stikky Lând" skreaun omwille fan it 500-jierrich bestean fan de gemeente It Bildt.
De kompakt skiven fan Bacon and Bones
Bacon and Bones hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|