Yn 1992 waard de Basic Big Band oprjochte troch Anne Oosterhaven. Yn de begjinjierren waard it gebrûklike bigband repertwaar spile. De fraach fan bedriuwen e teaters om in gruttere doelgroep te berikken hat laat ta in gruttere muzykkar. Bandlieder Theo Brouwer brûkte syn kontakten mei strikers om de big band út te wreidzjen. De basic big band waard dêrmei it grutste begeliedingsorkest fan Noard Nederlân. Dêrmei krigen hja de nije namme Basic pop en jazz orkest. Dochs wurdt it ferline net fergetten. Der wurdt noch regelmjittich mei de standaard bigband formaasje optreden.
De kompakt skiven fan Basic Big Band
Basic Big Band hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|