Johan Keus kin him rêde mei de akûstyske gitaar, de elektryske gitaar, de basgitaar, perkusje, lûden en sang. Johan spilet al fanôf syn tolvde jier gitaar en basgitaar. Hy spilet klassyk, folk, blues, en jazz. Johan hat elektryske gitaar studearre oan it konservatorium yn Grins. Mei de Austraaljer Ralph Devine toerde hy ein jierren 80 troch Súd-Portugal en Austraalje.
Tegearre mei de Fryske sjonger/ferskeskriuwer Ernst Langhout makke hy û.o. de twa “Dylan Yn It Frysk” skyfkes.
Mei jazz-sangeres Jannie Brandsma foarmet hy sûnt 1996 it duo Sail Away
Tegearre mei countertenor Gary Boyce makke hy de ks “Were You There”. Johan hat in oantal ks'en yn eigen behear opnaam: û.o. tegearre mei gitarist Robin van Velzen (ex-Megakronkel), in solo-ks mei klassike gitaarmuzyk, in ks mei live opnommen ymprovisaasjes en ks’en mei eigen en besteande berneferskes.
As studiomuzikant is hy te hearren op ferskate skiven.
De kompakt skiven fan Johan Keus
Johan Keus hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|