Aart Lus & Ed Lip binne twa rasechte Ljouwerters. Twa kânsleazen dy't dikke electrotracks meitsje yn harren eigen Liwwader dialekt. Dizze kombinaasje is sûnt de maaitiid fan 2008 bekend as dialectro. Mei harren debútsingel Ik bin su eil krigen hja binnen inkelde wiken lanlike bekendheid. Yn it neijier fan 2008 waard de singel op it Frysk popgala keazen ta liet fan it jier. De beide hearen binne echte lapzwansen. Hja hâlde har bynammen dwaande mei it op de bank omhingjen, bier drinken en froulju lestich fallen. Twa jier ferlyn hawwe de mannen foar it lêst harren treningspak ferwiksele foar in oar tenue. Dat wie omt hja foar de rjochter komme moasten op beskuldiging fan groanysk wyldpisjen. Ed en Aart hawwe it mier oan regels, hobbys en sport. Harren muzikale karjêre begûn yn maart 2008 doe't Ed 400 kilo âld izer ynruile foar in twaddehâns drumkompjûter. Aart blykte in natoertalint te wêzen mei it apparaat en binnen it oere hie hy in fette beat makke. Nei't er stikem opnames makke hie fan de stim fan Ed hat er dy op de beat setten en sa ûntstie de hit Ik bin su eil.
De kompakt skiven fan Aart Lus & Ed Lip
Aart Lus & Ed Lip hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|