De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Mariusz
Mariusz


Mariusz is de artystenamme fan Marius de Boer. Marius is berne yn Stiens en is bekend wurden as sjonger en tekstskriuwer fan de band Reboelje.

Nei in tal jierren klassike pianoles keapet er op syn sechtjinde in elektryske gitaar. Hy is slach- en sologitarist en wie boppedat sjonger by de new wave-band Elected. Nei syn HTS-stúdzje (Ferkearstechnyk) ferhuzet De Boer nei Assen. Hy krijt dêr wurk as akoestysk adviseur. Hy begjint dan ek te skriuwen, as earste de bondel 'De Deade Man'. Dit is nea útjûn mar foarmet wol de basis foar syn skriuwen foar Reboelje. De earste albums fan Reboelje: 'Skepper fan de Skepper' en 'Magysk Theater' (basearre op it boek Steppewolf fan Herman Hesse) meitsje yndruk. It nûmer 'Sielesiik' fan Mariusz wurdt mei troch stipe fan Henk Westbroek en Jan Douwe Kroeske in Nederlânske culthit.

Reboelje krijt gjin platenkontrakt oanbean, en Mariusz begjint it eigen platenlabel Marista foar regionale artysten. Reboelje treedt in soad op, lykas twa kear Noarderslach en foar in '2 Meter Sessy' by Jan Douwe Kroeske. Yn 1995 skriuwt er it konsept foar it teaterstik 'De Brulloft'. Yn dit totaalteaterstik komt by in echte brulloft it tema 'ynsest' oan 'e oarder. It stik slacht sa oan dat Mariusz yn 1996 de Bernlefpriis wint.

Yn 2003 hâldt Reboelje op te bestean. As Mariusz yn 2005 lykwols oerhelle wurdt om as singer/songwriter oan in benefytkonsert mei te dwaan, makket er dochs wer muzyk. Diskear ûnder de namme Mariusz. As pianist/gitarist ûntwikkelt Mariusz, live ûndersteund troch in sequenzer, in unyk sjonger/ferskeskriuwer lûd basearre op pop en underground. Hy skriuwt no ek yn it Stedsfrysk. Syn earste single is 'Spyt'. Dit nûmer komt daliks de Fryske Top 100 fan alle tiden yn. It Reboeljenûmer 'Marije Maria' wurdt yn dy list keazen ta bêste Fryske nûmer fan alle tiden.

De kompakt skiven fan Mariusz

Mariusz hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Fryske music night2007€16,99
Wat west hat wie2007€15,99
Laat ut noait gebeure2008€6,99
Cohen in het Fries2008€14,99
Spyt2010€6,99
Farwol2011€6,99
Blaas der op2011€6,99
Ik sjong foar dy2011€6,99
It is net oan my2012€6,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)