De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Nan'n Ankie
Nan'n Ankie


Al sûnt 1980 spylje Ankie van der Meer en Nanne Kalma tegearre. Ynearsten yn Irolt, letter yn de groepen Kat yn 't seil, Liereliet en Kajto. Mei dizze groepen, en ek tegearre, sjongend yn it Frysk, it Nederlânsk en it Esperanto, brochten se rom tweintich LP's en kompakt skiven út en meitsje se regelmjittich konsert-toernees yn it bûtenlân, net allinnich yn Europa mar ek yn Noard-Amearika en Austraalje. Wat de teksten fan harren lieten oanbelanget, Nanne en Ankie beheine har net en sjonge oer alle soarten fan saken. Maritime en histoaryske tema's spylje by har in grutte rol, mar likegoed besjonge se komyske foarfallen út it deistich libben. Ek hâlde se der fan om Fryske poëzij op muzyk te setten. Yn binnen- en bûtenlân op grutte en lytse poadia, yn konsertsealen, tsjerken en kroegen, op boaten en op strjitte, op festivals, kofjekonserten en kulturele jûnen, yn de 'lieteworkshops' dy't se fersoargje of wêr dan ek mar: oeral en altyd bringe Ankie en Nanne mei humor in programma, taspitst op de situaasje. By de konserten begeliede se harsels op ynstruminten as gitaar, mandoline, concertina en kontrabas.

De kompakt skiven fan Nan'n Ankie

Nan'n Ankie hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Mei de guozzen mei2004€12,99
Spreuklieten2007€9,99
The song of life2008€12,99
Moai mei dij2009€12,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)