Nienke de Ruiter komt út Frjentsjer. Al op jonge leeftiid fûn sy it moai om op in poadium te stean. Sy woe graach sangeres wurde. Doe't sy 13 jier wie die sy mei oan ferskate talentejachten. Nei sa no en dan ris op in feestje songen te hawwen hie sy in gastoptreden yn Harns dêr't sy troch Arie Kuipers en Fokko Dam ûntdutsen waard. Sa kaam Nienke oan in ferskaat oan optredens. Sy begûn mei apresski muzyk mar koe dêr net har eigen draai oan jaan. Dochs woe sy graach Nederlânsktalich sjonge mar dan leaver it libbensliet.
De kompakt skiven fan Nienke de Ruiter
Nienke de Ruiter hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|