De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Opskuor
Opskuor


Opskuor wie in Fryske rockband. De band waard yn 1993 oprjochte troch Heine Veenstra (sjonger) Harry v/d Werf (drummer) en Marcel Postma (basspiler). De band hat in protte eigen wurk makke. Yn 1998 is de KS "Sa't is" útbrocht. Opskuor bestie doe neist boppesteande nammen ek noch út Remmelt van der Wal, (gitarist), Freerk Runia (gitarist) en Paul de Koster (trommels). Paul de Koster hat yn 1996 drummer Harry ferfongen.

Yn 2000 is Remmelt van der Wal stoppe, omdat hy it te drok hie mei syn wurk. Twa jier letter is ek Marcel Postma stoppe. Hy is opfolge troch Daan de Koster. Fan 2002 oant 2005 is Opkuor trochgien as fjouwermansformaasje. Opskuor hat ferskate kearen op grutte festifals spile: Aaipop, Feanhoopfestival, Joppefestival ensfh. It lêste optreden wie op 'e Tynje tidens it doarpsfeest yn septimber 2005.

De kompakt skiven fan Opskuor

Opskuor hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Aaipop En Daverje1996€13,99
Sa't is1998€13,99
Aaipop 2010 live2010€12,49
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)