De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Lianne Zandstra
Lianne Zandstra


Lianne Zandstra studearre yn 1995 ôf oan de akademy foar kleinkunst yn Amsterdam. Sûnt dy tiid hat sy meiwurke oan ferskate televyzje- en teaterproduksjes. Ek hat sy meiwurke oan ferskate nûmers op kompakt skiven. Lianne spile yn in oantal produksjes fan Tryater. Lianne hat gastrollen spile op televyzje yn Baantjer, Trauma 24/7, Daar vliegende panters, Spangen, Westenwind, Toen was geluk nog heel gewoon en Het hof van Joosten. Ek spile hja filmrollen yn Schippers van de Kameleon en Sportman fan de eeuw. Lianne hat fjouwer jier lang de rol fan Afke spile yn de searje Baas boppe baas en ek yn Dankert & Dankert spile sy in rol.

De kompakt skiven fan Lianne Zandstra

Lianne Zandstra hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

70 jier Rients2002€11,99


De films fan Lianne Zandstra

Lianne Zandstra spilet in rol yn ûndersteande films en as searjes.

Baas boppe baas diel 12006€15,99
Sportman fan 'e ieu2006€12,99
Dankert & Dankert De swarte ingel2006€11,99
Baas boppe baas diel 22008N.F.T.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)