Soms wurdt der fergetten wêr't it yn de muzyk allegear om draait: lol meitsje! De namme sadelrûkers ûnstiet as grap: rûke oan daampende damessadels.
Yn Novimber 1992 ûnstiet de Drachtsterband, nei ferskate wikselingen yn har definive foarm. De band bestiet dan út Tjeerd van der Heide (sang), Piebe Bouma (gitaar) Jan Pultrum (drum) en Fred van der Weert )(bas). De muzyk steammet en stampt as in tweintich jier âlde waskmasine!!!
Dit Frystalige rock en lol konsept slacht oan by it publyk en de band is dan ek op mannich festival te hearren. Ek de rikkerige tsjustere romten lykas de kroegen wurde net fergetten.
Yn febrewaris fan 1994 wurdt in 30 minuten duojrende demo-kassette opnaam. Fan dan ôf sit Fryslân mei de Sadelrûkers opsadele. Letter wurde der ek noch twa nûmers opnaam foar in sammelskiif fan de stifting Muziekkultuur Drachten. Dizze skiif krijt de titel Lokaal kabaal!
Yn febrewaris fan 1996 wurdt de earste ks Rûke bliksum! opnaam. Dizze tretjin nûmers tellende skiif wurdt goed ûntfongen troch sawol parse as publyk. It nûmer Skyt yn 't ryt wurdt in hit is faak op de radio te hearren.
De kompakt skiven fan Sadelrûkers
Sadelrûkers hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|