De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Ramsk
Ramsk


Ramsk waard oprjochte yn febrewaris fan 1995 troch fiif muzikanten dy't tegearre muzyk meitsje woene. Ek waard doe besletten om yn de memmetaal te spyljen. Yn 1996 die Ramsk mei oan Lytske Aaipop. De band wûn dizze edysje en fertsjinne sa in plakje op it grutte aaipop. In oanstoarmjend talent stie doe yn de resinsjes.

Nei goed twa jier fûnen der wat besettingswiksels plak. De sanger fan doe stoppe der mei. Ramsk hat doe tal fan sangers hân oant yn 1998 Piet Douma kaam. Sûnt dy tiid is Piet net mear wei te tinken by Ramsk! Net folle letter waard Ramsk in fjouwermans formaasje want ien fan de gitaristen stoppe der mei. Der waard gjin ferfanger oanlutsen.

De muzyk fan Ramsk kin omskreaun wurde as gitaarrock mei punk- en hardrockynfloeden. Ek de sêftere klanken komme oan bod en yn 2007 binne der sels Folkynfloeden te finen yn de muzyk. De Fryske teksten behandelje saken dy't de groep dwaande hâldt.

Ramsk bestiet no út: Berend van der Akker (gitaar), Piet Douma (sang), Eldert Stropsma (basgitaar en eftergrûnsang) en Tjitze Veenstra (drum en eftergrûnsang).

De kompakt skiven fan Ramsk

Ramsk hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Komt2000N.F.T.
Keer op keer2001N.F.T.
Dyn eigen lûd2003€13,99
It fjoer2007€12,99
Simmer yn Fryslân2010€11,49
Langpoat2010€6,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)