Fan Batsum waard oprjochte yn 1994 en hja spylje punkmuzyk mei Fryske teksten. Se besteane út 4 manlju te neamen Slagreau Tjamme Valk, Bas Willem Talsma, Gitaar Kees Homsma en Sang Sjouke Havinga. Yn 1995 hawwe se in demo opnaam mei 7 nûmers wer fuort hurd úteinset is en wat de basis wie foar de band. Dizze demo is oeral yn goeie ierde fallen. Troch it beskieden súkses fan de Demo is Fan Batsum op it Aaipop festival foar it ljocht kaam en ha se mear troch Fryslân optreden.
Yn 1999 kaam de band mei harren earste skyfke, Bats Bats en noch ris Bats. Dit skyfke is yn eigen behear opnaam en der steane 13 nûmers op. Ek hjir lit Fan Batsum harren eigen lûd wer hearre en sette se mei hurde flotte en oanstekklike nûmers útein. Yn 2000 hat de band in toer dien mei Wartall en Jitiizer wêrby ferskate plakken oandien binne troch hiel Fryslân. Yn 2005 binne se begûn mei nije opnamen foer de CD Bûge as Batse en hawwe se yn maaie 2005 in singel útbrocht mei it nûmer Simmer. Simmer is in protte te hearren west op Omrop Fryslân. Yn maaie 2006 is de twadde KS útkaam.
De kompakt skiven fan Fan Batsum
Fan Batsum hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|