De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Meine Bruinsma
Meine Bruinsma


Al op acht jierrige leeftiid spilet Meine op Ukelele, inkele jierren letter folget de gitaar. Op beide ynstruminten hat Meine les hân fan syn heit, dy't yn de jierren '50 Hawaiian gitarist west hat by de Mauna Loa Hawaiians. Dat typyske jankende lûd wie him al betiid bekend. Pas letter, doe't hy op in country LP ûngefear it selfde lûd hearde, die bliken dat it fan in Pedal-Steelgitaar kaam. It hold him yn besnijing. Sûnt 1973 spilet hy de Pedal-Steelgitaar. Hy spesialisearret him fierder yn it ûntwikkeljen fan syn styl en spyltechnyk. Syn earste band is de troch him sels oprjochte country-rockformaasje Coyote. Ein 1977 bedarret Meine yn de ferneamde countrygroep Early bird. Sy meitsje 4 LP's en tal fan singels dy't letter op kompakt skiif útbrocht wurden binne. Ek dogge sy radio- en tvoptredens. Sy spylje yn binnen- en bûtenlân yn mannich kroech en seal. Hichtepunt wiene twa optredens foar 7000 man yn Ahoy. Yn 1990 ferlit Meine de groep.

Mei al syn ûnderfining rjochtet er him bynammen op it studiowurk as sessymuzikant. Dêrneist jout Meine les op de Pedal-Steelgitaar en Gitaar. Meine hat studiowurk dien foar û.o. Ben Steneker, Griet Wiersma, Sido Martens, Harmony Trail, Hepie, Wim Pols, Joop Veenstra, Derringer, Monica West, Duo Ferbean, Dusty Boots, Eaglefield, Con Amour en mannich oar.

Live optredens hat er dien mei û.o. it Metropole Orkest, Don King, Henk Wijngaard, Black Lake, Sandra Vanreys, Ben Steneker en Eaglefield.

Meine brûkt bytiden it saneamde Talking Guitar effect, ynspirearre troch syn grutte foarbyld Pete Drake. Dizze spitigernôch te betiid stoarne Amerikaanske Steelgitarist is noch altyd syn grutte boarne fan ynspiraasje.

De kompakt skiven fan Meine Bruinsma

Meine Bruinsma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Sinnefjoer2006€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)