De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Steven de Jong
Steven de Jong


Steven de Jong (26-6-1962) is in Fryske akteur en regiseur. Al op syn sânde sei syn jufrou fan de legere skoalle dat er mar oan ien ding niget hie en dat wie toanielspylje. Dat is no noch altyd it gefal. Nei syn karjêre by de pleatslike toanielferiening hat er besocht in plak te krijen yn de wrâld fan toaniel, film en tv. Al op syn njoggentjinde hie Steven in platewinkeltsje yn it Hearrenfean. Yn de jûnsoeren, wannear't de winkel ticht wie, hat er ferskate 'opliedings' folge. Earst by it Fryske toanielselskip Tryater en letter yn de aktearstudio yn Amsterdam en de mediaakademy yn Hilversum. Syn earste betelle akteardebút wie doe't Maragarete van Dam him foarstelde oan Nico Knapper fan de hitkomedy "Zeg eens Aaa" (Vara). 23 jier âld en út de Fryske klaai lutsen brabbelde hy syn tekst en foel in pear kear fan in ljedder. Inkelde jierren letter folge in fêste rol yn Spijkerhoek (Veronica). Ek waard foar de lokale omrop Skarsterlân (Oskar) de tillevyzjesearje Frjemd makke. Mei it meitsjen fan dizze searje wie in nije passy berne, it sels meitsjen. Dêrnei folgen tal fan Fryske films en searjes foar Omrop Fryslân. Letter makke Steven ek de oerstap nei de Nederlânske films. Yn hast al syn films en searjes spilet er sels ek in haad- as byrol want hy kin it aktearjen noch net litte.

De films fan Steven de Jong

Steven de Jong spilet in rol yn ûndersteande films en as searjes.

De gouden swipe1996€11,99
De fûke2000€11,99
De schippers van de Kameleon2003€16,99
Kameleon 22005€16,99
Dankert & Dankert De swarte ingel2006€11,99
De Kameleon ontvoerd2006€10,99
De scheepsjongens van Bontekoe2007€11,99
Snuf de Hond in oorlogstijd2008€12,99
Bit2009€27,99
Snuf de Hond en het spookslot2010€17,99


De films fan Steven de Jong

Steven de Jong is de regisseur fan ûndersteande films en as searjes.

De gouden swipe1996€11,99
De fûke2000€11,99
De schippers van de Kameleon2003€16,99
Kameleon 22005€16,99
Baas boppe baas diel 12006€15,99
Dankert & Dankert De swarte ingel2006€11,99
De Kameleon ontvoerd2006€10,99
De scheepsjongens van Bontekoe2007€11,99
Baas boppe baas diel 22008N.F.T.
Snuf de Hond in oorlogstijd2008€12,99
Snuf de Hond en de jacht op de Vliegende Volckert2008€12,99
Bit2009€27,99
De hel van '632010€14,99
Snuf de Hond en het spookslot2010€17,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)