De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Chickens go mad
Chickens go mad


Set fiif muzikale hoannen by elkoar, jou harren in ynstrumint en... Chickens Go Mad. Dat is no krekt wat der al jierren lang by elts optreden bart!

De muzikanten fan Chickens Go Mad hawwe harren spoaren fertsjinne yn ûnder mear Shakey Sam's Bluesband, Flavium, Blue Horizon en Road House. Bekend is ek it Frysktalige projekt yn 2001, wêrfan de toppers 'Wat is it Moai' en 'Autogek Famke' geregeld draaid wurde by Omrop Fryslân.

It repertwaar bestiet út Rhythm & Blues mei ynfloeden fan Texaanse blues. De band spilet ek inkelde covers fan The Fabulous Thunderbirds, Jimmie Vaughan, Ronnie Earl, Kid Bangham en The Red Devils. Dêrneist wurde bekende en minder bekende klassikers spile fan Freddie King en fansels Robert Johnson. Al sûnt it begjin fan de sjo binne eigen nûmers prominent oanwêzich. Dizze nûmers kinne farieare fan stampende blues oant skitterjende ballades. Hoe dan ek stiet Chickens Go Mad garant foar in muzikaal ôfwikseljende en dûnsbere sjo mei fermaak fan sjonger en mûlharpspiler Henk Osinga.

Chickens Go Mad bestiet út: Henk Osinga (sang en mûlharp), Herman Driesten (gitaren), Frank Bergkamp (Piano & Hammond), Leo Roodhof (Drums) en Anton van Rooijen (Bas).

De kompakt skiven fan Chickens go mad

Chickens go mad hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Don't touch me1994€10,99
Rau blau en gau2001€13,99
Frysk hit festival 32005€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)